Hoe kin de gemeente yn ien kear 24 miljoen besparje, wie de priisfraach tiidens de ferkiezingskampanje 2010 op ús hiemside. It antwurd wie fansels net al te dreech (“troch net te ynvestearje yn in fierstente djoer spoar”); in dikke 40 minsken tochten der ek sa oer. Liesbet Bosma út Gytsjerk is út alle ynstjoerings earlik útkeazen foar de haadpriis. In bewiis dat de FNP-side goed besjoen wurdt, ek bûten Smellingerlân!
Op de foto jout Durk Oosterhof de haadpriis – in dinerbon foar twa persoanen – oan Liesbet en har partner.