Allinichsteande âlders mei in leech ynkommen kinne meikoarten de kosten fan de saneamde "formele berneopfang" ôflûke fan harren útkearing of lean. Dêrmei wurd it ynkommen foar dizze groep minsken ferlege wêrtroch rjocht ûntstean sil op kwytskelding fan gemeentlike belêstingen.
Oant koartlyn wie dit net mooglik, mar troch in wiizging yn de lânlike Ynfoarderingswet 1990, meie gemeenten dit no tapasse. Sadwaande kinne wy noch wat berikke foar dizze kwetsbere groep. De FNP is wiis mei dit útstel, benammen ek om't it mear foech jout yn ús lokale minimabelied.